National Anthems & Patriotic Songs "De âlde Friezen" letra

Traducción al:deennlpt

De âlde Friezen

Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,en bûnzje troch ús ieren om!Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,it Fryske lân fol eare en rom.

Klink dan en daverje fier yn it rûnDyn âlde eare, o Fryske grûn!Klink dan en daverje fier yn it rûnDyn âlde eare, o Fryske grûn!

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,oerâlde, leave Fryske grûn,Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,dy't Friezen oan har lân ferbûn.

Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare,syn namme en taal, syn frije sin.Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,en twang, fan wa ek, stie it tsjin.

Trochloftich folk fan dizze âlde namme,Wês jimmer op dy âlders grut!Bliuw ivich fan dy grize, hege stammein grien, in krêftich bloeiend leat!

Aquí se puede encontrar la letra de la canción De âlde Friezen de National Anthems & Patriotic Songs. O la letra del poema De âlde Friezen. National Anthems & Patriotic Songs De âlde Friezen texto. También se puede conocer por título De alde Friezen (National Anthems Patriotic Songs) texto.